Hurdfytser ferwûne
In 42-jierrige hurdfytser út Grins is freedtejûn yn Nijlân ferwûne rekke by in botsing mei in bestelwein. De man die mei oan in tiidrit en botste nei de finish tsjin de spegel fan de auto. Hy foel hurd op de grûn.
It slachtoffer is mei pine oan de earm en de rêch nei it sikehûs yn Snits brocht.