Plysje pakt oerfallers

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan twa Harnzers (22 en 26 jier) hat de plysje de oerfal op de Ster fideoteek yn 2008 oplost. By de oerfal op 4 desimber waard de meiwurker fan de fideoteek yn Harns mei in mes bedrige. Hy moast in kistje mei jild ôfjaan. In tsjûge notearre doe it kenteken fan de flechtauto.
De twa manlju bekenden ek ferskate ynbraken yn in winkel, hoarekabedriuw en in wenning. De bút gie op oan genotmiddels en útgean. De manlju sitte noch fêst.