Epke Zonderland yn twa finales
Turner Epke Zonderland hat by de wrâldbekerwedstriden yn Moskou de finale helle op de ûnderdielen rek en brêge. Oan 'e rekstôk helle er de heechste skoare: 15,475 punten. Op de brêge waard mei 14,750 punten it fyfde plak helle.
De finales tusken de bêste acht turners binne sneon.