Moai debút Nathalie v.d. Mei

29 maaie 2009 - 23:34

Springruter Nathalie van der Mei hat in goed debút makke yn de Nederlânske ploech dy't freed yn Rome meidie oan de Nations Cup.

De amazône fan Makkingea ried mei har hynder Heechhiem's Springtime ien kear flaterleas en krige de twadde kear troch ien flaterke fjouwer strafpunten. Itselde resultaat helle ek Jur Vrieling. De oare twa ruters, Eric en Maikel van der Vleuten, hiene folle mear strafpunten. Nederlân waard sechsde yn de einstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)