Fúzje Súdwesthoeke kin los

© Omrop Fryslân
As it oan de provinsje leit, kin de fúzje fan de fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke los. De provinsje hat de ôfrûne moannen sjoen nei de offisjele regels oer gemeentlike weryndieling en de nije Súdwesthoekegemeente foldocht oan alle easken dy't it regear dêr oan stelt.
De provinsje bringt dan ek in posityf advys út oan it kabinet. Dat moat dêr no in beslút oer nimme. Dêrnei is de Twadde Keamer oan bar.