Reekwolken yn Fryslân te sjen

29 maaie 2009 - 18:45

De reekwolken fan in grutte brân yn Nieuwleusen binne oant yn Súdwest-Fryslân te sjen. Nieuwleusen leit tusken Meppel en Swolle.

De brân ûntstie freedtemiddei yn it âlde gebou fan fytsefabryk Union. Der sitte no lytsere bedriuwen yn. Wat de oarsaak fan de brân is en as der minsken ferwûne rekke binne, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)