Rodenhuis nei Be Quick '28

29 maaie 2009 - 14:45

Wieb_Rodenhuis is takom jier trainer fan Be Quick '28. Rodenhuis wie trainer fan De_Jouwer yn de sneinshaadklasse. Be Quick '28 út Zwolle spilet yn de sneonshaadklasse C en dus treft Rodenhuis takom jier ûnder oaren Harkemase Boys.

Earder soe de trainer oerstappe nei PKC '83 yn Grins, mar dêr krige hy ûnienichheid oar de foarwaarden. Rodenhuis behoede De Jouwer dit seizoen foar degradaasje út de haadklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)