Ekstra kosten asbest Saailân

Mear asbest oanwêzichh as tocht
De kosten foar it opromjen fan it asbest yn de parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert wurde rûsd op in heal miljoen oant in miljoen euro. Dat is in grutte tebeksetter foar de gemeente. Dy gie der fanút dat mar in bytsje asbest yn de garaazje wêze soe.
It asbest is fûn op de earste parkearlaach. Dat moat no troch spesjalisten opromme wurde. De gemeente is yn oerlis mei de oannimmer om ekstra minsken yn te setten om it projekt op tiid ôf te krijen.