Huldiging Cambuur 4 juny

© Omrop Fryslân
As Cambuur snein promovearret komt der pas op 4 juny in huldiging. Dy sil dan wêze op it Aldehoustertsjerkhôf. De festiviteiten begjinne om 18.00 oere en de spilers komme om 19.00 oere. Dat hawwe direkteur Alex Pama en wethâlder Marco Florijn freed besletten. Ek as de promoasje woansdei nei in beslissingswedstryd in feit wurdt sil de huldiging op 4 juny wêze.
Snein nei de útwedstryd tsjin Roda JC sil de spilersbus nei de wedstryd net werom ride nei it Cambuurstadion.