Sosjaal needfûns yn Dong'diel

29 maaie 2009 - 11:45

Yn Dongeradiel komt in sosjaal needfûns, mar sûnder ynbring fan de polityk. In anonime ûndernimmer stelt in bedrach fan 20.000 euro beskikber. De PvdA luts tongersdei yn de ried it inisjatyffoarstel yn, wêryn't om 10.000 euro frege waard foar it fûns. Der wie net genôch draachflak.

De PvdA krige yn de riedskommisje ek al krityk op it foarstel, omdat de gemeente earst better nei de eigen regelingen sjen moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)