Goran Popov 1150 euro boete

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanfuotballer Goran Popov hat fan de rjochtbank yn Ljouwert in boete fan 1150 euro krigen, omdat er dronken achter it stjoer siet. De fuotballer út Masedoanië mei ek fjouwer moanne net autoride.
Popov ried op 1 febrewaris om seis oere moarns dronken en mei twa lekke bannen troch It Hearrenfean. Neffens de plysje fleach de fuotballer letterlik oer de drompels. Hy ried 120 kilometer dêr't 50 tastien is. En hy ried tsjin it ferkear yn.