Mooglik aksje IJsselmeer Beton

© Omrop Fryslân
Fakbûn CNV driget mei aksjes by IJsselmeer Beton op 'e Lemmer. It fakbûn easket dat oerwurk neffens de rjochtlinen betelle wurdt. De direksje wurdt freed mei in brief op de hichte steld fan mooglike aksjes. Ek wurdt dêryn oanjûn om wer oan de ûnderhannelingstafel plak te nimmen.
De fakbûnsleden hawwe tongersdei unanym it einbod fan IJsselmeer Beton ôfwiisd, want dat soe de wurknimmers tûzenen euro's kostje.