Fuotbalsupporter oanhâlden

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige man út Ljouwert is tongersdei yn syn wenplak oanhâlden troch de plysje. Hy hearde by in groep fuotbalsupporters dy't net harkje woe doe't de ME tsjin harren sei dat se fuortgean moasten út de Coopmansstrjitte. De ME fierde doe in sjarzje út.
De groep supporters fleach de Aletta Jacobsstrjitte yn en de fertochte smiet in dranghek nei de ME. Hy is doe meinaam nei it buro.