Fiif Feanwâldsters oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat fiif manlju tusken de 20 en 23 jier út Feanwâlden oanhâlden omdat se in man út Ljouwert swier mishannele hawwe. De man waard begjin maaie yn de Griene Stjer oerfallen en sûnder oanlieding mishannele en mei in alarmpistoal bedrige. De manlju hawwe syn auto ek noch fernield.
De plysje kaam de dieders op it spoar omdat it slachtoffer it kenteken fan harren auto ûnthâlden hie. Yn gearwurking mei de maresjesee binne de fertochten oppakt.