Stewards assistearje by slûzen

29 maaie 2009 - 09:40

Yn de slûzen fan Starum en De Lemmer wurde kommende tiid wer stewards ynset dy't skippers helpe om de slûzen goed en feilich te passearjen. It is simmerdeis tige drok by de Prinses Margrietslûs op 'e Lemmer en de Johan Frisoslûs yn Starum.

Yn totaal tolve stewards sille helpe mei it trochjaan fan de ynstruksjes fan de slûswachters en it oannimmen en losgoaien fan trossen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)