Wetterskipslêsten omheech

29 maaie 2009 - 09:30

De wetterskipslêsten moatte omheech om de feiligens fan de ynwenners fan Fryslân yn de takomst te garandearjen. It Wetterskip wol de kommende jierren in grut diel fan de besteande finansjele reserves brûke om de lêsten sa min mooglik stige te litten.

It Wetterskip hat oer 2008 wol in soad jild oerholden, mar dat komt foaral omdat in diel fan de wurksumheden noch net útfierd is. Yn 2012 ûntstiet in struktureel tekoart fan 8 miljoen euro jiers omdat de reserves dan op binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)