Berneboargemaster yn Dong'diel

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel krijt in berneboargemaster. De ried gie tongersdei akkoart mei it foarstel fan it CDA. Allinnich de PvdA en Algemien Belang Dongeradiel wiene tsjin. De PvdA fynt it wol in goed idee, mar hat twivels by de útfiering. Algemien Belang sjocht neat yn it plan.
It CDA wol fan de berneboargemaster in 'ambassadeur foar bernesaken' meitsje. Dy kin dan bygelyks optrede by de yntocht fan Sinteklaas, by keninginnedei en befrijingsdei.