'Tefolle regels yn de soarch'

© Omrop Fryslân
It hiele systeem fan regels en prosedueres yn de soarch moat op de kop. Dat seit direkteur Gabriël Antonio fan Jeugdhelp Fryslân. Neffens Antonio binne der fierstente folle prosedueres en kontrôles. En mei alle regels wurdt de soarch en de relaasje mei de klant der net better op.
Troch alle kwaliteitseasken en kontrôles moatte der in soad saken fêstlein wurde. En de tiid en minsken dy't dat kostet kinne net ynset wurde foar de klanten.