Cambuur skoart net tsjin Roda

28 maaie 2009 - 22:37

Sportklup Cambuur hat tongersdei mei 0-0 lykspile tsjin Roda JC. It wie it earste duel yn de finale fan de play-offs foar in plak yn de earedivyzje.

Cambuur wie foaral yn de twadde helte de ploech mei de bêste kânsen. Mar it slagge net om dy om te setten yn doelpunten. Sa rekke Sandor van der Heide de latte en kopte Ruud ter Heide krekt njonken. Snein moat de ploech fan trainer Stanley Menzo yn Kerkrade dus fol oan de bak. Der moat wûn wurde om te promovearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)