Pasjinten witte fan dossier
De ynfiering fan it regionale elektroanysk pasjintedossier is soarchfâldich dien. Dat seit de Dokterswacht nei oanlieding fan it nijs dat in soad minsken net witte dat har medyske gegevens no al regionaal opslein steane yn kompjûters.
Lanlik moat der ek sa'n dossier komme en dêr is nochal wat ferset tsjin, ûnder oare fan húsdokters. De Dokterswacht Fryslân hat alle pasjinten dêr't it om giet yn it foar op de hichte steld.