Bettere help foar jongerein

© Omrop Fryslân
Bern mei gedrachsproblemen troch bygelyks mishanneling of misbrûk kinne hieltyd bettere soarch krije neffens Jeugdhelp Fryslân. Dat komt mei trochdat de jeugdsoarchynstellings folle better gearwurkje. Jeugdhelp Fryslân hat yn 2008 hast 2000 bern behannele, sawat likefolle as yn 2007. It tal behannelings is mei goed 25% omheech gien. Dat komt omdat in kwart fan de bern troch de gearwurking mear behannelings tagelyk krigen hat.