Hartsintrum MCL bestiet 5 jier

De wachtlisten binne yn fiif jier flink koarter wurden
Yn fiif jier tiid binne de wachtlisten foar in hertoperaasje yn it MCL Ljouwert mei de komst fan in spesjaal hertsintrum folle koarter wurden. De wachttiid wie yn 2004 hast njoggen moanne, no is dat noch goed trije wike.
Yn it bestean fan de klinyk binne goed 2300 iepen hertoperaasjes útfierd en mear as 6000 pasjinten dottere. It lustrum waard tongersdei fierd mei in sympoasium.