Arriva ferliest busferfier

28 maaie 2009 - 15:56
Arriva driget in grut part fan it ferfier kwyt te reitsjen

Qbuzz sil de kommende 6 jier it iepenbier ferfier fersoargje yn de provinsjes Grinslân en Drinte. Arriva is dêrmei bûten de boat fallen. Dat is tongersdei bekend makke op in parsekonferinsje. Arriva ferlear earder in grut part fan it busferfier yn Fryslân. Neffens it OV-buro Grinslân-Drinte hat Qbuzz de bêste priis-kwaliteit ferhâlding. Arriva hâldt wol in tal sneltsjinsten.

De fakbûnen meitsje har grutte soargen oer de gefolgen foar de wurkgelegenheid.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)