Wurk A7 De Jouwer-It Fean

28 maaie 2009 - 14:27

Tusken De Jouwer en It Hearrenfean wurdt fan tongersdeitejûn ôf wurke oan de dyk. Op de A7 komt nij asfalt. Oant snein is der fan acht oere jûns oant seis oere moarns mar ien rydstrook iepen. Ek is in oantal op- en ôfritten by it klaverblêd op It Hearrenfean ticht.

Rykswettersteat jout mei buorden de omliedingsrûtes oan. Ferkear moat rekken hâlde mei in langere reistiid. Snein moat it wurk oan de A7 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)