Bern de baas yn Drylts

© Omrop Fryslân
Bern fan de basisskoallen yn Wymbritseradiel ha tongersdei it gemeentehûs yn Drylts oernaam. De dei is bedoeld om de learlingen fan groep 8 yn de kunde komme te litten mei de gemeente.
Boargemaster Reitsma fertelt se hoe't it op it gemeentehûs giet en se sjogge by de plysje en brânwacht. Se jouwe presintaasjes oer it tema respekt en komme mei ideeën. Yn in offisjele riedsgearkomste wurdt dan it bêste idee útsocht.