Doniastate krijt waskbearehok

28 maaie 2009 - 12:00

Der komt in ferbliuw foar waskbearen by Doniastate yn Stiens. De bernebuorkerij hat in skinking krigen fan De Ronde Tafel Harlingen. Dat is in feriening dy't ûnder oare jild jout oan ynstellings.

Doniastate is bliid mei it jild. It wol de buorkerij ynkoarten flink útwreidzje. Der komme mear bisteferbliuwen en mear aktiviteiten foar de besikers. Mei it jild fan De Ronde Tafel kin it waskbeareferbliuw alfêst boud wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)