Twatalige opfang yn Warten

28 maaie 2009 - 10:19

It partikuliere bernedeiferbliuw It Roekeltsje yn Warten is tenei offisjeel in twatalich bernedeiferbliuw. Takom wike krijt it dêrfoar in sertifikaat.

It Roekeltsje is al trije jier dwaande mei twatalichheid. De liedsters prate konsekwint ien taal, it Frysk of it Hollânsk. Der is foaral in soad omtinken foar it Frysk. It Roekeltsje is it earste bernedeiferbliuw yn Boarnsterhim dat sa'n sertifikaat krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)