Airbags stellen De Westereen

28 maaie 2009 - 10:02

Ut trije auto's yn De Westereen binne tiisdeitenacht de airbags stellen. De auto's, allegear Opels, waarden iepenbrutsen, wêrnei't de airbags derút helle waarden.

De skea rint yn de tûzenen euro's. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)