Erfpachtsaak noch net oplost

27 maaie 2009 - 22:43

Nei moannen fan praten is der noch gjin inkele dúdlikheid oer de ferheging fan de erfpacht op de waadeillannen. In spesjale kommisje kin net ta in unanym beslút komme.

Oanlieding foar it ynstellen fan de kommisje wie de oankundiging fan in flinke ferheging fan de erfpacht troch Staatsbosbeheer. De natuerorganisaasje wol de kommende 30 jier in ferheging ynfiere fan 540 prosint. De measte kommisjeleden fine dat te bot en wolle net fierder gean as 315 persint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)