Fryske site oer New York 400

© Omrop Fryslân
Fan no ôf is foar it earst echt te sjen dat Fryslân meidocht oan de fiering fan it 400-jierrich bestean fan New York. De provinsje hat in spesjale website lansearre mei allegear nijs en ynformaasje oer it programma en it spesjale boek dat útbrocht wurdt.
Yn dat boek steane portretten fan Friezen dy't it makke hawwe yn Amearika. Fryslân wol mei de fiering de bannen mei Amearika oanhelje. De measte aktiviteiten binne yn septimber.