Earste dei Delta Lloyd Regatta

27 maaie 2009 - 20:18

De silers hiene it woansdei op de earste dei fan de Delta Lloyd Regatta by Medemblik dreech mei de hurde wyn. Marit Bouwmeester fan Warten kaam yn de Laser Radial hieltyd better op dreef. Se waard 9e, 8e en 1e en stiet no twadde yn it klassemint. Pieter-Jan Postma kaam yn de Finn mar ien kear yn aksje. Hy waard twadde. Roelof Bouwmeester waard tredde yn de Laser.

Troch de hurde wyn wie der in protte skea: stikkene mêsten en skuorren yn it seil. Ek gong der noch al ris ien om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)