Provinsje wol mear promoasje

27 maaie 2009 - 14:59

De provinsje sil de kommende jierren twa kear sa folle jild beskikber stelle foar de promoasje fan Fryslân. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries woansdei by it begjin fan de kampanje om mear saaklike toeristen nei Fryslân ta te lûken.

De provinsje jout no jierliks 1,2 miljoen euro om Fryslân yn de rest fan Nederlân en dêrbûten te promoaten. Oant 2013 sil dat bedrach ferhege wurde oant 2,5 miljoen euro jiers.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)