Legetimaasje pasjinten moat

© Omrop Fryslân
Pasjinten moatte har fan 1 juny ôf legitimearje kinne by de Fryske húsartseposten. Ek by in besite fan in waarnimmende húsarts is legitimaasje ferplichte. Sa wolle de soarchynstellingen tefoaren komme dat der ferkearde ynformaasje yn it pasjintedossier komt.
Dat pasjintedossier is wer keppele oan it boargerservicenûmer. Soarchynstellingen binne wetlik ferplichte om dat nûmer yn te fieren.