Burgernet ynset by oerfal

27 maaie 2009 - 14:07

Op it Hagedoornplein yn de Ljouwerter wyk Heechterp is woansdei in frou yn har wenning oerfallen. De plysje is dêrop dalik mei in burgernetaksje begûn. 1771 minsken hawwe in berjocht krigen wêryn't se frege wurde út te sjen nei de fertochte.

It giet om in negroïde man fan goed 30 jier, mei koartskeard kroeshier, rinnend op blau-wite badslippers. De man is net oanhâlden, de burgernetaksje ferpleatste him dêrnei nei in oare wyk yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)