Waadeilannen hieltyd waarmer

27 maaie 2009 - 11:49

It wurdt hieltyd waarmer op de Waadeilannen. Yn it jier 2100 is it dêr trije moanne jiers 25 graden of waarmer. Dat die tiisdei bliken op in konferinsje yn Grins. De ferheging fan de temperatuer soe de ein betsjutte foar it ekosysteem yn de Waadsee.

It wetterpeil giet dizze ieu mei 1.30 m. omheech. Dêrtroch sil in part fan it Waad 'ferdrinke'. Gefolch is dat de platen yn see ferdwine, wêrtroch't seehûnen en fûgels dêr net mear op kinne. Ek waadrinne kin dan net mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)