Ljouwert wol mear boatsjelju

27 maaie 2009 - 10:59

De gemeente Ljouwert sjocht ôf fan de oanlis fan de eastlike fariant fan de steande mêstrûte by Ljouwert. Ut ûndersyk docht bliken dat foar de oanlis fan dy nije rûte te min boatsjefarders nei Ljouwert komme. Ek soene der ferkearskundige problemen op oare plakken yn de stêd komme.

De gemeente sjocht mear kânsen yn oare projekten. As de Prins Hendrikbrêge aanst iepen kin, dan lûkt dat folle mear wettertoeristen nei Ljouwert ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)