Lemster mei drugs oppakt

27 maaie 2009 - 10:36

Op De Lemmer is tiisdei in man út dat plak oanhâlden omdat er drugs by him hie. De man waard oanhâlden yn syn auto. De plysje fûn dêr XTC-pillen, speed en weed.

De man is oanhâlden omdat er ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. Syn auto is yn beslach nommen omdat it foar de twadde kear yn fjouwer wike tiid wie dat de man dêrop betrape waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)