Bern krije mear boartersromte

© Omrop Fryslân
Bern yn Ljouwert krije mear romte op natuerlike boartersplakken. It giet dan om bygelyks gersfjildsjes dy't se no ek al brûke om op te boartsjen. Ljouwert wol de kommende jierren minder ynsette op lytse boartersplakken mei boarterstastellen.
Der sil mear sjoen wurde nei it ferlet dat der is yn de Ljouwerter wiken en nei wat bern sels wolle. Sa komt der mear fariaasje oan boartersplakken en wurdt ek mear gebrûk makke fan de omjouwing.