Fablab yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt mooglik in Fablab. Dat is in ditigaal wurkplak dêr't eltsenien sels in produkt of in keunstwurk ûntwerpe en meitsje kin. Yn it laboratoarium steane masjines wermei't fan in ûntwerp in model makke wurde kin.
It Fablab moat in kreatyf plak wurde dêr't ûnder oaren keunstners, útfiners, bedriuwen en studinten eksperimenteare kinne mei ûntwerpen en modellen. Der sille ek workshops jûn wurde.