100 banen troch glêsfezel
In miljoeneprojekt smyt de kommende twa jier 100 oant 150 ekstra banen op yn Ljouwert. It giet om de oanlis fan in glêsfezelnetwurk troch it bedriuw Reggefiber. Glêsfezel is in superflugge ferbining foar ynternet. It is geskikt foar it ferstjoeren fan grutte bestannen lykas fideo.
Ljouwert hat al sa'n netwurk, mar dat wurdt allinne brûkt troch grutte bedriuwen. It nije netwurk kin ek brûkt wurde troch it MKB, skoallen en partikulieren.