Jild foar metaaloplieding
De provinsje wol 110.000 euro beskikber stelle foar in opliedingsbedriuw foar de metaalsektor. Dat jild komt der allinne as ek it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân subsydzje jout. It opliedingsbedriuw Metaal+ soe derfoar soargje moatte dat it imago fan de metaalsektor better wurdt en dat der mear technyske ynnovaasjes komme.
De Koninklijke Metaalunie en de metaalbedriuwen dy't meidogge drage al 350.000 euro by.