Blauwe hoanskrobber stjert út

26 maaie 2009 - 15:10

De blauwe hoanskrobber oftewol 'blauwe kiekendief' stjert oer fiif jier út as briedfûgel yn Nederlân. Dizze rôffûgels sitte no allinnich noch op de Waadeilannen, mar net lang mear. Dizze maitiid briedt foar it earst yn mear as fyftich jier gjin blauwe hoanskrobber mear op It Amelân. Der sit noch ien pearke op Flylân en seis op Skylge.

Der is hieltyd minder fretten foar de fûgels en der binne ek folle mear oare soarten rôffûgels bykaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)