Swimbad Gytsjerk mooglik ticht

26 maaie 2009 - 13:28

It iepenloftswimbad fan Gytsjerk wurdt yn syn fuortbestean bedrige. Yn nije takomstplannen fan de gemeente Tytsjerksteradiel wurdt it swimbad neamd as mooglikheid om jild mei te besparjen. Sluting is ien fan de opsjes.

Doarpsbelang Gytsjerk, mar ek dy fan doarpen dêrom hinne, folgje de ûntwikkelings mei spanning. De ried fan Tytsjerksteradiel praat woansdei 3 juny oer it swimbad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)