Jeroen Drost nei Vitesse

© Omrop Fryslân
Jeroen Drost giet definityf nei Vitesse. De 22-jierrige ferdigener fan SC Hearrenfean spile it ôfrûne seizoen al op hierbasis foar de ploech út Arnhem. De ûnderhannelings tusken Vitesse en Drost rûnen yn earste ynstânsje noch dreech, mar beide partijen binne der no út.
Ferline jier waard Jeroen Drost al ferhierd oan NEC Nijmegen. Drost spile yn fjouwer jier 47 wedstriden foar SC Hearrenfean.