Wurk rint út troch rein

File op de dyk
Troch it needwaar fan moandeitenacht binne de wurksumheden oan de A7 útrûn. It giet om de sneldyk fan De Jouwer rjochting It Hearrenfean. Dêr wurdt asfaltearre. It wurk hie om seis oere moarns klear wêze moatten, mar dat wurdt no tsien oere.
Troch de fûle rein koene de wurkers net fierder. Omdat der mar ien rydstrook beskikber is, stiet der in lange file. Dy sil de kommende oeren allinnich noch mar tanimme, seit in wurdfierder fan Rykswettersteat.