Ynformaasje oer weryndieling

"fan ûnderen op" stie bûtendoar
Op útnoeging fan foarsitters fan riedsfraksjes yn fiif Súdwesthoeke gemeenten binne provinsjale steaten moandeitejûn yn Warns ynformearre oer de plannen foar in weryndieling. Fiif riedsleden joegen yn koarte taspraken de needsaak en ferwachtings fan sa'n weryndieling. Dêrnei koene steateleden fragen stelle.
De SP boykotte de gearkomst en stie bûten. Fan de FNP wie Annigje Toering der. De feriening 'fan ûnderen op' mocht net ynsprekke.