Nathalie v.d. Mei selektearre

25 maaie 2009 - 17:28

Hynsterydster Nathalie van der Mei fan Makkingea is troch bûnscoach Rob Ehrens oproppen foar de nasjonale ploech. Dy ploech rydt takom freed in lannewedstryd yn Rome yn it ramt fan de Nations Cup, in searje fan wedstriden foar topruters út de hiele wrâld. It is de earste kear dat Van der Mei in útnoeging krijt foar it nasjonale team.

Van der Mei tanket har seleksje oan de har twadde plak by it NK en de winst by de grutte priis fan Kopenhagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)