BV sport wint belestingstriid

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat in tafaller fan 4 miljoen euro. De gemeente en de BV Sport wiene yn gefjocht mei de belestingtsjinst oer de BTW fan BV Sport. De belestingtsjinst woe dat de BV Sport BTW betellet oer de tsjinsten dy't sy oan de gemeente leverje.
Yn 2004 krige de belestingtsjinst gelyk, mar BV Sport gie yn heger berop. Sûnt 2004 hat de gemeente jild apart set om de belestingtsjinst betelje te kinnen. Dat hoecht no net, de 4 miljoen giet werom nei de reserve.