Rydbewiis foar trekkerride

25 maaie 2009 - 14:40

In rydbewiis foar trekkerbestjoerders, in ferplicht kenteken en in minimum leeftyd fan 18 jier. Dat binne maatregels dy't de provinsje nimme wol om lânbouferkear feiliger te meitsjen. Mar net eltsenien socht dêr heil yn.

Boeren binne tsjin in ferbod op trekkerride ûnder de 18 jier. In rydbewiis mei easken hast sa strang as dy foar in frachtwein, fine de boeren net helber en in ferplicht kenteken makket de feiligens net grutter, sa fynt lânbou-organisaasje LTO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)