Pas op: oerstekkende reebokken

25 maaie 2009 - 14:21

Steatsboskbehear warskôget foar reebokken dy't yn dizze tiid de autodiken oerstekke. Yn it Lauwersmargebiet binnen de lêste dagen al in stik as wat reeën deariden.

Yn maaie en juny fjochtsje de mantsjes om de wyfkes en moatte de ferliezers fan dy striid in oar leefgebiet sykje. De swalkjende reebokken stekke dêrom faker autodiken oer. Steatsboskbehear freget bestjoerders ekstra op te letten, omdat in oanriding mei in ree ta grutte ûngelokken liede kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)